Boartoer Hjerbeam wurket net

31 jul 2007 - 12:53
Foto: Omrop Fryslân

It boaren nei gas by Hjerbeam leit al mear as in wike stil, omdat de boartoer it net mear docht. Der is in probleem mei de hydraulyske oandriuwing. Dat seit opdrachtjouwer Vermillion, dy't it wurk útfiere lit troch in Dúts bedriuw.

Freed is it wurk stillein. De ferwachting is dat nije wike tiisdei wer begûn wurde kin. De meiwurkers binne nei hûs ta stjoerd. Hoe grut de skea is wol it bedriuw net kwyt.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)