Mooglik ekstra SKS-wedstriid

31 jul 2007 - 12:05
Foto: Omrop Fryslân

De fjirtjin skippers fan de SKS beslute woansdeitemoarn oft se tongersdei by De Lemmer in ekstra wedstriid sile sille. It giet dan om in ynhelwedstriid, omdat der fanwege it waar al trije kear net syld wurde koe. Allinnich as alle skippers akkoart geane, telt de ekstra wedstriid mei yn it klassemint.

Mocht de ekstra wedstriid hâlden wurde, dan begjint dy om ien oere, de start fan de oare is dan om 15.30 oere.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)