Syljacht yn de brâning

31 jul 2007 - 11:40

De rêdingsboat fan Skiermûntseach hat moandei in syljacht holpen. De boat wie op it strân by peal 5 yn 'e brâning telâne kommen. De twa bemanningsleden koene it jacht op eigen krêft wer út 'e swiere brekkers krije. De rêdingsboat holp it skip nei rêstiger wetter te farren.

It syljacht wie ûnderweis fan Flylân nei Lauwerseach. De bemanning hie de waarberjochten te posityf útlein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)