Dronken autoride mei lekke bân

31 jul 2007 - 10:13

De plysje hat fan in 41-jierrige automobiliste út Snits it rydbewiis ynnaam. Se wegere mei te wurkjen oan in ademproef. De frou wie troch foarbygongers tsjinhâlden doe't se mei in lekke bân fierder ride woe. De foarbygongers hienen ek al opmurken dat de frou te folle dronken hie.

Yn Koudum woe in 29-jierrige man mei de auto in fytstunnel ynride. De plysje fertinkt him fan drugsgebrûk. Hy him is in bloedproef dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)