L'diel: soad sinneblom-fytsers

31 jul 2007 - 09:44

Der is in soad belangstelling foar de twa fytsroutes fan Goud-giel Littenseradiel. Neffens VVV Terpelân fleane de struibrieven de doar út. De 20 kilometer lange fytsroutes nimme minsken mei lâns 40 fjilden mei sinneblommen. De blommen steane ferspraat troch de gemeente oan de râne fan it lân fan maisboeren.

It doel is om de maisfjilden sa in moai goud-giel rantsje te jaan. De sinneblommen binne oerol moai opkommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)