Tomate-telers hawwe it dreech

31 jul 2007 - 09:33

Tomate-telers meitsje drege tiden troch. De prizen binne al in skoft leech en it liket der ek noch net op dat dêr ferbettering yn komt. Ien fan de oarsaken is oerproduksje. De prizen binne sakke en net wer omheech gien.

In soad bedriuwen moatte de sparpot oansprekke om de holle boppe wetter te hâlden. Neffens de LTO geane der noch gjin bedriuwen fallyt, mar der binne wol guon dy't hiel hurd wurkje sûnder dat der in sint fan oerbliuwt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)