Sneon de 2de Weening-classic

Pieter Weening sil sneon te fytsen mei de hiele famylje (foto Martin de Jong)
Kommende sneon wurdt foar de twadde kear de Pieter Weening Classic hâlden yn Surhústerfean. De toertocht oer 25, 60 of 100 kilometer giet troch it lân fan Pieter Weening, dy't sels ek meidwaan sil mei syn hiele famylje.
De opbringst fan de toertocht giet nei de Kankerbestriding. De jongerein dy't meidocht kin him sponsorje litte. De opbringst wurdt op 19 augusutus oerdroegen oan de Ride for the Roses, in oare benefyt-fytstocht tsjin kanker.