Ungeunstige lotting favoriten

It partoer Van der Meer/Wassenaar moat gelyk fol oan de bak (foto Martin de Jong)
De op papier sterkste dielnimmers oan de 154ste PC moatte yn de earste omloop gelyk fol oan de bak. Rutmer van der Meer en de bruorren Wassenaar moatte it yn de earste omloop opnimme tsjin it partoer fan Jochum Bouma. As se dat winne, moatte se yn de twadde omloop keatse tsjin it partoer fan Taeke Triemstra, de kening fan 2006, of tsjin dat fan Sibbele Lootsma.
Foar outsiders betsjut de lotting dat se no kâns meitsje om fier te kommen.