Weening: It wie in rare Tour

30 jul 2007 - 12:15

It is in goeie saak dat de Rabobank in persoan fan bûten freget om te sjen nei de saak Rasmussen. Dat seit Pieter Weening fan de Harkema. Weening hat yn de Tour de France hat twa en in heale wike syn longen út it liif riden foar de Deenske giele truidrager Rasmussen, mar doe't dy út de ploech set waard, wie de moraal oer.

Weening rydt moandeitejûn yn Boxmeer. Hy komt nije wike ek yn aksje yn Surhústerfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)