Deade frou fûn yn wrak

Op de Iselmar by Hylpen is sneintemiddei in platboaiemskip sonken. Dêrby is in frou (57) út Amstelveen om it libben kaam. Sy is troch dûkers fûn yn de kajút fan it skip. Har man is oerboard slein en troch in rêdingsboat yn feilichheid brocht. By de sykaksje nei de opfarrenden is ek in helikopter mei ynfraread-apparatuer brûkt.
Oer de oersaak fan it sinken fan it skip kin de plysje noch neat sizze.