Oanhâlding foar mishanneling

29 jul 2007 - 14:24

De plysje hat yn de nacht nei snein op de Harnzerstrjitwei de ynsittenden fan twa auto's út Den Helder oanholden foar mishanneling. It gong om fjouwer froulju en fjouwer manlju. De groep hie rúzje krigen yn de Doelesteech.

In frou (22) út Goutum en in man (20) út Ljouwert krigen dêrby klappen. De slachtoffers waarden holpen troch omstanners. De groep út Den Helder naaide doe út, mar koe letter oanholden wurde. De acht sitte fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)