Elma de Vries wint medaljes

29 jul 2007 - 12:13

Elma de Vries fan De Haule hat sneon by it EK skeelerjen twa medaljes wûn. Se helle brûns op de fiifhûndert meter en sulver mei de Nederlânske frouljusploech op de ôflossingskoers op de dyk.

Earder helle Elma de Vries al in brûnzen en in gouden medalje. Dy goudene medalje wie foar de tûzen meter. It EK skeelerjen fynt plak yn Portugal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)