Kontrôle yn bios by Potter

28 jul 2007 - 12:55

De bioskoop yn Drachten kontrolearret besikers fan de nije Harry Potter-film op apparatuer dêr't se yllegale opnames mei meitsje kinne. Dêrfoar warskôget de direksje op de webside fan de bioskoop. Mooglik wurde besikers sels fûlleard.

Foar ekstra kontrôle is der ek altyd ien fan it personiel yn de seal oanwêzich. Mocht ien opnames meitsje, dan wurdt de plysje ynskeakele. Der steane hege boetes op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)