Ekstra kontrôle by stookhúske

28 jul 2007 - 12:44
Foto: Omrop Fryslân

De plysje sil de kommende tiid ekstra surveillearje yn de omkriten fan Huize Lindenoord yn Wolvegea. De gemeente makke dat bekend nei't it stookhúske dêr troch jeugd fernield is.

It gebou is ôfset mei stekken om fierdere fernielings foar te kommen. Boppedat kinne der gefaarlike sitewaasjes ûntstean as minsken der te ticht by yn de buert komme. Der is oanjefte dien by de plysje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)