Byld Woudwyk op pier Holwert

28 jul 2007 - 12:35

It walfiskbyld fan Anne Woudwijk komt werom. Net lykas earder yn de Waadsee, mar op de pier fan Holwert. De sokkel fan it grutte byld rekke yn 2001 flink skansearre trochdat de fearboat der tsjinoan fear. Dêrnei is it keunstwurk fan de Drachtster opslein yn in loads.

Rykswettersteat, rederij Wagenborg en Woudwyk sels ha bepaald dat it byld werom komt op de pier. Dat sil yn septimber dien wurde. De walfisk is it grutste byld dat Woudwyk makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)