Problemen troch wurk oan dyk

28 jul 2007 - 11:33

Undernimmers ha bot te lijen fan wurksumheden oan de dyk. Goed ien prosint fan de ûndernimmers giet sels fallyt. Sa'n 84 prosint ferliest as gefolch fan de wurksumheden klanten. Sa'n 77 prosint hat minder omset en 21 prosint krijt finansjele problemen.

It Platfoarm Detailhandel wol dat de gemeente mear meitinkt mei de ûndernimmers, troch de wurksumheden goed te plannen. Ek soe de gemeente har finansjeel stypje moatte moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)