Helmholt wint yn Bûtenpost

28 jul 2007 - 11:27

Bart Helmholt wûn freedtejûn it fierljeppen yn Bûtenpost. Hy sprong yn de finale 18.89 meter. Thewis Hobma waard twadde mei 18.54. Hannes Scherjon sprong 18.40 en waard dêrmei tredde.

By de junioaren gie de winst nei Piet Scherjon mei 17.05. Alwin Fonk pakte de titel by de jonges mei 16.58 en Anna Jet Leyenaar wie de bêste by de froulju mei 14.08.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)