EOD siket fergees om bom

© Omrop Fryslân
De Explosieven Opruimingsdienst (EOD) fan de marine hat freedtejûn om'e nocht socht nei in bom by Lauwerseach. In skipper hie op trijehûndert meter fan de dyk in foarwerp sjoen dat op in bom liek. Dy soe lizze tusken de Hoek fan Bant en de slûzen by Lauwerseach.
Dûkers fan de marine giene mei de rêdingsboat nei it plak ta, mar se fûnen neat. De marine giet der dêrom fanút dat der gjin bom is en ûndernimt sneon gjin aksje mear.