Mooglik stasjon foar Aldegea

Aldegea wol graach in stasjon ha dêr't de stoomtrein fan Snits ek delkomme kin
De gemeente Wymbritseradiel is posityf oer it plan om it doarp Aldegea wer in treinstasjon te jaan. Earder joech de provinsje al jild foar in helberheidsûndersyk. Doarpsbelang Aldegea (W) naam it inisjatyf.
It doarp wol graach oanslute op de stoomtreinferbining tusken Snits en Starum. Wethâlder Gerbrandy is posityf en sei ta dat de gemeente meiwurkje sil.