VV Ljouwert tsjin Cambuur
Fuotbalferiening Ljouwert sil op 7 augustus in jubileumwedstriid spylje tsjin Cambuur. VV Ljouwert is oprjochte yn augustus 1917 en bestiet dus 90 jier dit jier.
Foar Cambuur is de jubileumtreffer de lêste wedstryd yn de tarieding foar de nije fuotbalkompetysje. Dy begjint op 10 augustus mei in thúswedstriid tsjin FC Dordrecht.