Skriezen Nederlân fergriizje

In (âlde?) skries op 'e hikke
De populaasje fan de skries fergrizet. It tal jonge skriezen nimt de lêste jierren ôf trochdat der hieltyd minder berne wurde en net trochdat der in soad omkomme by de fûgeltrek. Dat docht bliken út in lanlike skrieze- telling fan Fûgelbeskerming Nederlân.
De skries stiet yntusken op de list fan mei útstjerren bedrige bisten fan de ynternasjonale natuerbeskermings- organisaasje IUCN.