Oranjewoud keapet 50% Boralit

It haadkantoar fan Oranjewoud
Ingenieursburo Oranjewoud, mei it haadkantoar op it Hearrefean, keapet de helte fan de oandielen fan wettersuveringsbedriuw Boralit yn Zuidwolde, yn Drinte.
Oranjewoud wurke al faak gear mei it Drintse bedriuw. De direksje fan Oranjewoud tinkt dat der mei wettersuvering yn de takomst in soad jild te fertsjinjen is. By Boralit bestiet in soad kennis fan it suverjen fan smoarch wetter.