Needaggregaat brêge Gordyk

De Bleekersbrêge yn it sintrum fan 'e Gordyk
De Bleekersbrêge yn it sintrum fan 'e Gordyk docht it wer. Woansdeitemiddei gie de elektryske ynstallaasje yn de kelder stikken troch wetteroerlêst. Der is tongerdei in needaggregaat delset sadat de brêge wer iepen en ticht kin.
It plan wie earst om de brêge oerdeis iepenstean te littten. Mar de gemeente seach dêr fanôf fanwege de oerlêst foar it ferkear. De winkels binne no wer gewoan berikber.