Heal miljoen foar Koudum

© Omrop Fryslân
Nijefurd krijt hast in heal miljoen euro fan 'e provinsje om it sintrum fan Koudum op te knappen. Mei it jild kin it saneamde Sintrumplan Koudum hielendal útfierd wurde troch de gemeente.
Der wurde ûnder oare huzen opknapt en nijboud. Ferskate partijen yn Koudum hawwe belutsen west by de ûntwikkeling fan it plan. It doarp hat fanwege dy bysûndere gearwurking in grutte Europeeske priis wûn.