Rabobankpersoniel skrokken
Rabobankmeiwurkers yn Fryslân binne skrokken fan it ûntslach fan kopman Rasmussen út de Tourploech. It is by tal fan banken yn 'e provinsje it praat fan 'e dei. Rasmussen moast fuort omdat er liigd hie oer syn tariedings.
Dermei is de Rabobankploech ek de kâns op de oerwinning yn de Tour de France kwyt. It gebak dat it personiel by in oerwinning fan Rasmussen krije soene, is ôfbesteld.