Sifers grûndelgong ferskille

Laat Het Zout Maar Zitten protestearret al jierren tsjin de grûndelgong troch sâltwinning
Wetterskip Fryslân fynt it net goed dat der safolle ferskillende sifers binne oer de grûndelgong yn Noardwest-Fryslân. De aksjegroep Laat Het Zout Maar Zitten hat gegevens dêr't út bliken docht dat it wetterskip te let is mei it meitsjen fan in herstelplan foar it gebiet.
It wetterskip brûkt sifers fan it Staatstoezicht Op De Mijnen. Dy sifers binne oars. Loko-dykgraaf Herre Kingma is net bliid mei de betizing.