Auto útbaarnd by Ternaard

26 jul 2007 - 10:32
Foto: Omrop Fryslân

Oan 'e Aldbuorren yn Ternaard is woansdeitemiddei in auto folslein útbaarnd. It fjoer ûnstie nei alle gedachten troch koartsluting. Doe't de eigner, in ynwenner fan Easternijtsjerk, in brânlucht rûkte parkearde er syn auto.

De auto baarnde folslein út. It winkelrút dêr't de auto foar stie knapte troch de waarmte fan 'e brân.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)