Fjochterij by radioshow

26 jul 2007 - 10:13

In optreden oan 'e Boerestreek foar in lanlik radioprogram yn Appelskea is woansdei útdraaid op fjochterij. Fan it poadium ôf waarden keycords it publyk yn smiten. Dêroer krigen twa jonges út De Fochtel en in 19-jierrige jonge út Easterwâlde rûzje mei in grutte groep Easterwâldsters.

Letter is op 'e Stasjonsstrjitte ek noch in auto fernield. Tsjûgen seagen twa manlju tsjin de wein oanskoppen. De auto rûn flinke skea op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)