Famke ferwûne yn Sint Jansgea
In famke fan 17 jier út Sint Jansgea is woansdeitemiddei ferwûne rekke by in oanriding yn Aldehaske. Se waard oanriden troch in automobilist. Dy sloech rjochtsôf en seach dêrby it famke dat neist him fytste oer de holle.
It famke is foar ûndersyk oerbrocht nei it sikehûs op It Hearrenfean. Dêr die bliken dat har ferwûnings tafoelen.