Huizenga wint Appelskea

25 jul 2007 - 22:32
Foto: Omrop Fryslân

Jenning Huizenga fan Frjentsjer wûn woansdeitejûn it kritearium fan Appelskea. Yn 'e sprint wie er rapper as syn fluchtmaat Frank Wierstra fan Burgum.

Beide manlju ûntsnapten op fyftjin rûnen fan 'e ein en waarden net mear ynhelle troch in achterfolgjende groep. René Hooghiemster fan Oentsjerk wûn de sprint fan dy groep en waard tredde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)