Winst foar SC Hearrenfean
Hearrenfean wûn tiisdeitejûn yn Langsweagen de oefenwedstriid tsjin earste divyzjeklub Veendam mei 4-1. De Feanster goals waarden makke troch Lasse Nilsson (twa kear) Gonzalez Garcia Garcia en Miralem Sulejmani.
Foar Veendam skoarde Age Hains Boersma. De Starumer is troch It_Hearrenfean ferhierd oan Veendam en Boersma skoarde tiisdeitejûn dus eins tsjin syn eigen wurkjouwer.