Makkum wint Jong-Feintepartij

© Omrop Fryslân
De junioren fan Makkum mei de keatsers Hendrik Jan van der Velde, Lennart Adema en Hyltje Bosma ha woansdei yn Easterein de tredde edysje wûn fan de Jong-Feintepartij, de wichtigste partij foar junioren nei de Jong-Nederlânpartij.
Yn de finale bleaun Makkum mei 5-3 en 6-0 Sint Jabik de baas. Op dy stân pleatste Lennart Adema in sitbal. Foar Sint Jabik keatsten Albert Leeuwen, Martijn en Renze Pieter Hiemstra.