Prins Hendrikkade Snits klear

25 jul 2007 - 19:48

De werynrjochting fan de Prins Hendrikkade yn Snits is foar it grutste part klear. De ôfrûne moannen hat de wichtige trochgongsdyk ôfsletten west. It sintrum wie dêrtroch ta grutte frustraasje fan de ûndernimmers kwalik te berikken.

De Prins Hendrikkade is ynrjochte nei de ideeën fan ferkearssaakkundige Monderman fan Oerterp. Der steane hast gjin buorden mear, minsken moatte no sels goed útsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)