Brêge sintrum Gordyk stikken

25 jul 2007 - 17:10
Foto: Omrop Fryslân

De Bleekersbrêge yn it sintrum fan De Gordyk is stikken. Troch it reinwetter fan de lêste dagen is de kelder ûnder de brêge ûnderstrûpt, en dêrtroch wurket de elektryske betsjinning dy't dêr sit, net mear. De brêge stiet de kommende wiken iepen tusken 10 oere moarns en 5 oere middeis. Dat is dien om de fartoeristen op de Turfroute frij baan te jaan.

De brêge wurdt twa kear deis mei de hân betsjinne.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)