Weenings plat foar televyzje

25 jul 2007 - 16:10

De famylje Weening folget yn har húskeamer op De Harkema de Tour de France sekuer op de televyzje. Harren Pieter fytst mei yn de Raboploech dy't de giele trui behâlde moat. Pieter Weening docht dêr in soad kopwurk foar.

De famylje sit no thús. Mar de earste wiken hawwe se lâns de kant stien by de Tour. Op in rêstdei koene se mei Pieter prate. It binne allegear dopingskandalen, mar de famylje leaut net dat Pieter soks oait brûke soe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)