Edukatyf sintrum oer iistiid

© Omrop Fryslân
It iistidemuseum yn Bûtenpost wurdt útwreide mei in edukatyf sintrum. Yn it sintrum is ynformaasje te krijen oer geology en argeology. It sintrum is iepen foar besikers fan it museum, mar ek foar bern fan de skoallen yn de buert fan it museum. It iistidemuseum sil ek lesbrieven foar de bern betinke.
It iistidemuseum sit op it kompleks fan de botanyske tún De Kruidhof yn Butenpost. Dêr komt ek it provinsjaal argeologysk stipepunt.