Romte socht foar plomfeeshow

25 jul 2007 - 14:15

Plomfeeferiening De Aeikoer fan Bûtenpost is drok op syk nei in geskikte romte foar harren jierlykse plomfeeshow. Der is al in advertinsje set om't de show net mear yn de sporthal mei. Neffens de gemeente is dy folpland en jouwe de fûgels ek stankoerlêst. De organisaasje seit dat se spesjale maatregelen dêrtsjin nimme.

Al jierren organisearret de feriening in show mei sa'n tûzen piken, dowen en wetterfûgels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)