Ynbraak yn antyksaak Surch

25 jul 2007 - 12:36

By in ynbraak yn in antyksaak yn Surch binne yn de nacht fan tiisdei op woansdei djoere sieraden en antyk stellen. It giet om sulverwurk en meubels. De winkel oan 'e Tsjerkestrjitte sit der noch net in jier mar der is al twa kear ynbrutsen. Om in tredde ynbraak foar te kommen wurde der ûnder oaren in stek fan stieltried pleatst.

De dief of dieven kamen deryn troch in doar iepen te brekken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)