Man rydt yn sleat

25 jul 2007 - 11:31

In 67-jierrige man út Aldehaske is tiisdei yn eigen doarp mei de auto yn 'e sleat riden. Op de Badwei waard er net goed en rekke er twa ferkearsbuorden. De rit einige yn 'e sleat.

De bestjoerder is mei ferwûnings oan nekke en rêch nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht. In 67-jierrige frou dy't by him yn 'e auto siet, koe op it plak fan it ûngelok troch ambulânsepersoniel behannele wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)