Koperdieven wer aktyf

© Omrop Fryslân
Op twa plakken yn Fryslân binne kabels stellen. Fan de Akkerflat op It Hearrenfean is foar de twadde kear yn koarte tiid in koperen bliksem-ôflieder stellen. Earder waard dêr ek al 150 meter kopertried stellen.
Yn Drachten binne twa haspels mei yn totaal goed 700 meter grûnkabel stellen. Dêr sit ek koper yn. De dieven hiene in gat yn in stek knipt om it bedriuwsterrein oan it Noarder-ein op te kommen.