Cambuur lyk tsjin Graafschap 2

© Omrop Fryslân
Cambuur spile tiisdei yn Garderen de oefenwedstriid tsjin de beloftes fan De Graafschap mei in 1-1 lykspul. De Graafschap kaam yn de 22 minút op foarsprong. Yn de 34e minút tekene Rudy Jansen foar de lykmakker. Cambuur spile yn de earste helte net bêst. De twadde helte wie better, mar de Ljouwerters makken gjin goals.
Cambuur is noch de hiele wike yn Garderen op trainingskamp en spilet tongersdei noch tsjin in regioteam.