Weening makket him net drok

24 jul 2007 - 17:02
Pieter Weening (argyffoto)

Hurdfytser Pieter Weening hat net folle lêst fan 'e drokte om ploechgenoat en kopman Rasmussen hinne. Dy hie in pear kear net ferteld wêr't er wie sadat it lestich wie dopingkontrôles te dwaan. De media en de hurdfytsorganisaasjes nimme de saak heech op.

Weening riidt woansdei de sechtsjinde etappe fan de Tour de France fan Orthez nei Aubisque. Hy helpt Rasmussen de giele trui te hâlden.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)