Schuil wint op WK Beach

Richard Schuil: kâns op Olympyske Spullen
Richard_Schuil hat mei syn partner Reinder_Nummerdor de earste wedstriid fan it WK Beachfolleybal wûn. Dat wie yn it Switserske Gstaad.
By it WK kin in soad punten helle wurde dy't meitelle foar kwalifikaasje foar de Olympyske Spullen. Schuil en Nummerdor nimme it goed plak yn op de ranglist, ek op grûn fan eardere toernoai-oerwinnings. Mei nóch in sege yn Gstaad kin de Spullen harren suver net mear ûntgean.