Formsma by Hearrenfean wei

Koos Formsma
Foarsitter Koos Formsma hâldt per direkt op by SC Hearrenfean. Hy docht dat út saaklike oerwagings. Formsma kaam septimber ferline jier yn tsjinst by SC Hearrenfean. Yn oktober ferline jier naam er de funksje as foarsitter oer fan Riemer van der Velde.
Formsma wurdt foarearst opfolge troch Bart van der Meer en Theun van der Meulen. Sy sitte yn de Ried fan Kommissarissen. Riemer van der Velde komt net werom as foarsitter.