Rêdingsaksje op Fluessen

© Omrop Fryslân
Helptsjinsten hawwe tiisdei om it middeisoere hinne op 'e Fluessen fjouwer opfarrenden fan in omsleine sylboat rêden. De boat is nei alle gedachten troch de hurde wyn yn 'e problemen rekke.
Omdat de melding wie dat der noch mear sylboaten omslein wienen, is der noch in skofke trochsocht op 'e mar. Underwilens is dúdlik wurden dat alle boaten werom binne yn de havens. De sykaksje is dêrom ophâlden.