Skûtsjesilen Earnewâld ôflast

Skûtsjesilen giet net troch fanwege min waar (foto: argyf)
It skûtsjesilen tiisdei by Earnewâld giet oer. De silerij is ôflast fanwege it minne waar en de stoarmige wyn. Neffens de minwaarkommisje is it te gefaarlik om te silen. Ek soene de skûtsjes no net it goede túch hawwe om te farren.
Moaier waar wurdt nei trijen ferwachte, mar sa lang mei de silerij net útsteld wurde. Woansdei wurdt der syld by Terherne. Dan liket it waar better te wurden.