Seesilers by Skier holpen

24 jul 2007 - 12:19

De rêdingboat hat moandeitenacht om healwei twaen hinne syljacht by Skiermûntseach holpen. It jacht wie benoarden it eilân yn 'e problemen rekke, De skippers, heit en soan út it Siuwske Den Osse, wiene sa wurch dat se it jacht net mear goed bestjoere koene. De twa Siuwen wiene ûnderweis nei Cuxhaven yn Dútslân. De Kening Willem I holp it jacht. By de Kalkman naam de Kustwacht mei it oer mei radarhelp en radiokontakt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)