Plysje pakt dwerse stappers op

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontenacht yn Drachten twa dwerse stappers oanhâlden. Ien fan harren, in Drachtster (29), lei ûnder ynfloed fan drank midden op de dyk. De plysje woe him dêr wei helje, mar de man stelde dizze help net op priis.
De man begûn de plysje út te skellen en waard dêrom oanhâlden. In oare Drachtster (20) waard yn deselde nacht ek oppakt foar it misledigjen fan plysjeminsken. Beide fertochten waarden ynsletten foar neier ûndersyk.