Plomfeeshow stiet faai

24 jul 2007 - 10:40
Foto: Omrop Fryslân

De plomfeeshow yn Bûtenpost giet mooglik net troch. Sporthal De Houtmoune, dêr't it wêze soe, hat in nije flier krigen. Boppedat binne der klachten fan sporters kaam oer de rook dy't de tûzenen bisten yn 'e hal achterlitte. Plomfeeferiening De Aeikoer siket no om in oare romte.

De gemeente Achtkarspelen hat al in gymnastykseal oanbean. Mar dy foldocht neffens de plomfeeferiening net oan 'e easken.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)