Heechwurker falt fan ponton

24 jul 2007 - 10:24

Yn Snits is moandeitemiddei oan de Selfhelpweg in heechwurker fan in ponton fallen. De masine kaam yn it wetter fan 'e Woudfeart telâne.

De heechwurker lekte oalje. Om dat tsjint te gean hat de brânwacht driuwskerms yn it wetter lein. It ponton leit der fanwege de bou fan lúkse boathûzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)